LL-L "Etymology" 2009.04.10 (02) [F]

Lowlands-L List lowlands.list at GMAIL.COM
Fri Apr 10 14:15:04 UTC 2009


===========================================
L O W L A N D S - L - 10 April 2009 - Volume 02
===========================================


From: Henno Brandsma <hennobrandsma at hetnet.nl>
Subject: LL-L "Etymology" 2009.04.09 (03) [E]

Hoi allegearre,

Noch in koarte tafoeging op 'e hiele "veeg/fey" diskusje: ús Westerlauwersk
hat it ek, as "faai".
Ut it resint ferskynde Fryske Hânwurdboek (digitale edysje):

==

faai eigenskipswurd [fa:i ̯] faaier, faaist
‣ betsjutting
1.  ûnwis wat de gefolgen oanbelanget
⇒ nuodlik
2.  de ein, ûnheil foarsizzend
3.  op 'e dea útrinnend

‣ idioom + foarbylden
sa faai as in lûs op 'e kaam
ticht by de dea

faai stean/wêze
der min foar stean, gefaarlik wêze

in faai teken
in teken dat ûnheil foarseit

it wiist faai/it is faai-faai
de útkomst is ûnwis, it komt net goed

‣ sprekwurden
de sike leit op bêd, de faaie stiet derfoar
minsken dy't faak siik binne, wurde faak âlder as sûne minsken, lijers libje
faak it langst

==

It wurd liket by ús wat mear hingjen bleaun yn 'e taal, yn it Nederlânsk
binne eins allinnich "het vege lijf redden" en "een veeg teken" as fêste
útdrukkings bestean bleaun. In moai Frysk boek is ek "fôi en fredeloas" fan
Riemersma, dêr't it earste wurd de yn 'e Westlike en Noarseastlike
tongslaggen gongbere útspraak werjout. Dit is eins in Aldfrysk sitaat ("fay
enda ferdlâs" of sokksawat, mei typysk Aldgermaanske alliteraasje).

Henno

•

==============================END===================================

 * Please submit postings to lowlands-l at listserv.linguistlist.org.

 * Postings will be displayed unedited in digest form.

 * Please display only the relevant parts of quotes in your replies.

 * Commands for automated functions (including "signoff lowlands-l")

   are to be sent to listserv at listserv.linguistlist.org or at

   http://linguistlist.org/subscribing/sub-lowlands-l.html.

*********************************************************************
-------------- next part --------------
An HTML attachment was scrubbed...
URL: <http://listserv.linguistlist.org/pipermail/lowlands-l/attachments/20090410/4ee04e57/attachment.htm>


More information about the LOWLANDS-L mailing list